Piet Paulusma: "It wurdt in simmer mei waarmte, fariaasje en swiere buien"

01 jun 2021 - 10:21

De grutte simmerfoarsizzing fan Piet Paulusma hat dit jier de titel Warmte, variatie en zware buien meikrigen fan de waarman. De waarman út Harns ferwachtet in simmer mei waarmteweagen en kâns op in hjitteweach. We kinne lang op it strân lizze, en ek jûns noch oant let bûten sitte.

Yn de nijste PietCast komt de simmerfoarsizzing wiidweidich te praat:

Dochs is Paulusma minder entûsjast oer de kommende simmer as oare jierren. Dat hat neffens him te krijen mei de fariaasje yn it waar. Der komme geregeld perioaden foar mei stabyl waar, mar dy kinne wolris minder lang duorje as oare jierren. De temperatuer sil wat mear skommelje, en der sille faker swiere buien falle by koeler waar.

By dy buien ferwachtet de waarman swiere tonger en hagelbuien, mei kâns op in simmerstoarm en wynhoazen. Dêrby kinne de ferskillen regionaal grut wêze.

De PietCast is te finen op iTunes en Spotify. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. En mear oer it waar stiet op Omropfryslan.nl/waar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)