Undersikers: krûderyk gerslân helpt fûgels, kij en boeren

01 jun 2021 - 07:42

Gerslân mei in soad krûden is goed foar de fûgels, goed foar de kij en dêrom ek goed foar de boeren. Dat is de belangrykste útkomst fan in ûndersyk nei krûderyk gerslân dat de ôfrûne fjouwer jier dien is.

Foto: Anthonie Stip

It ûndersyk waard dien troch it Louis Bolk Instituut, de Dairy Campus, de Vlinderstichting en hegeskoalle Van Hall Larenstein. Projektlieder Anne Jansma fernimt dat hieltyd mear boeren mei krûderyk gerslân oan de slach wolle. "De reewilligens is der."

"Dat komt ek diels trochdat der in soad ûntwikkelingen binne, mei guon suvelprogramma's bygelyks", seit Jansma. "As boeren wat mear jild krije wolle foar de molke, dan moatte se oan de slach mei krûderyk gerslân. Der is no in fertsjinmodel foar. Dan wolle de boeren it wol ynpasse."

Mear ynsekten

En it kin net allinnich finansjeel wat opsmite: hieltyd faker wolle boeren ek wat dwaan om de greidefûgels te helpen. Dêr is it krûderyk gerslân hiel geskikt foar. "Yn it gerslân mei in soad krûden binne mear ynsekten, foaral mear grutte ynsekten. Dy binne hiel wichtich foar de greidefûgelpiken", seit Jansma. "En tagelyk kinst it goed ynpasse yn de bedriuwsfiering."

Skries yn de greide - Foto: Omrop Fryslân

It is net sa dat kij ek leaver krûderyk gers frette. "As boer meanst it gers letter, sadat greidefûgels de tiid ha om de piken grut te bringen. Dat hat effekt op de wearde fan it fretten en de opbringst. Mar ast der hea fan makkest, dan krijst in hiel moai en smaaklik produkt. Lekker, krûdich hea. Dat wolle de kij wol frette. It freget allinnich wol om wat fakmanskip fan de boer."

Begjin mei in lytser stik lân. Mean de rânen fan it perseel in kear net. Begjin dêr te eksperimentearjen.

Tips fan Anne Jansma oan boeren dy't wol mei krûderyk gerslân oan de slach wolle

By it ûndersyk wienen ek de agraryske kollektiven yn Fryslân belutsen. Sy binne ferantwurdlik foar de útfiering derfan. "En we ha mei de boeren yn it fjild west, om te sjen hoe't je krûderyk gerslân ynpasse yn je bedriuw. Mei de resultaten fan dit ûndersyk hoopje we dat mear boeren oan de slach wolle."

De boeren dy't ynteresse ha, ha faak in soad fragen, fertelt Jansma. "Hoe lis ik it oan? Hoe behear ik it? Hoe soargje ik dat de krûden deryn bliuwe?" Hy hat wol in pear tips: "Begjin mei in lytser stik lân. Mean de rânen fan it perseel in kear net. Begjin dêr te eksperimentearjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)