Grutte ferskillen by lûd F-35: oerlêst moat omleech kinne, neffens saakkundige

01 jun 2021 - 06:38

Definsje moat noch flink oan de slach om de oerlêst troch it lûd fan de F-35 nei ûnderen te krijen. Dat docht bliken út ûndersyk fan Rein Muchall, saakkundige op it mêd fan fleantúchlûd.

Foto: ANP

Muchall is al fjirtich jier lang belutsen by de lûdsoerlêst troch fleantugen en de bestriding dêrfan. Hy die dat jierrenlang foar de gemeente Amsterdam en letter foar syn eigen buro. Muchall hat sjoen nei de earste mjittingen fan de F-35 troch it lûdsnet dat oanlein is om de Ljouwerter fleanbasis hinne. Dat lûdsnet mjit hoefolle leven oft de opfolger fan de F-16 makket.

Wat komt dêrút nei foaren?

"Die F-35 maakt per vlucht veel meer lawaai. We praten over verschillen van 5 decibel bij starts, en van 12 decibel bij landingen. Dat is natuurlijk wel een heel groot probleem."

"Ik heb uitgerekend hoe ver je terug zou moeten om de normen niet te overschrijden. Je zou terug moeten naar 38% vluchten van het aantal dat nu gebruikt wordt met de F-16. Dat is natuurlijk een enorme hap uit de vliegmogelijkheden. Dus Defensie zal er alles aan doen om dat te voorkomen."

Watfoar mooglikheden hat Definsje dêrta?

"Een voor de hand liggende oplossing is proberen om stiller te vliegen. Al is stil misschien niet het goede woord, als je een passage hebt van 120 decibel. Uit die metingen blijkt dat vijf procent van de vluchten, zeker bij de starts, buitengewoon lawaaiig zijn, tot 120 decibel. Er is ook een bepaald percentage starts waar dat rond de 100 decibel zit. Je kunt je afvragen: kun je niet altijd vliegen met starts van 100 decibel?"

Er zit zó'n groot verschil tussen de luidste en de stilste, daar moet gewoon techniek achter zitten.

Rein Muchall tinkt dat it mooglik is om mei minder lûd te fleanen

"Datzelfde geldt bij de landing. Dus kun je niet zodanig trainen, dat het gemiddelde een flink stuk zakt? Het lijkt mij dat dat mogelijk is. Er zit zó'n groot verschil tussen de luidste en de stilste, daar moet gewoon techniek achter zitten hoe je dat voor elkaar krijgt."

Hoe komt it dat de F-35 mear leven makket?

"Die F-35 is een stuk zwaarder, meer massa. Dan heb je natuurlijk ook meer power nodig om ermee te vliegen, op te stijgen en andere acties."

De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

"Een andere verklaring die ik heb genoemd, maar niet gedeeld wordt door Defensie: omdat dit toestel bepaalde stealtheigenschappen moet hebben, bestaat de romp uit een groot aantal vlakke vlakken. Het toestel is niet heel mooi rond, zoals de F-16 bijvoorbeeld. Door al die vlakken is de luchtweerstand veel slechter en daardoor heb je veel meer power nodig om in de lucht te blijven."

Wat wie de earste reaksje fan Definsje op jo befiningen?

"Ik heb uit die hoek niet zo gek veel commentaar gehoord. Hun houding is meer: laten we eerst eens aanhoren wat die Muchall te vertellen heeft. Dan gaan we erover nadenken en kijken of hij vergissingen heeft gemaakt of er onduidelijkheden zijn. Ze hebben zich, wat dat betreft, heel rustig gehouden."

Omwenners binne kritysk, ûnder oare oer de lûdsisolaasje fan har huzen. Dy soe net genôch wêze tsjin it lûd fan de F-35.

"Daar bestaat inderdaad de vrees, omdat dat ding zoveel meer lawaai maakt, dat zij ook veel meer herrie in huis gaan krijgen. Het blijft natuurlijk wel een feit: als Defensie zegt dat ze normen niet gaan overschrijden, dan zal de geluidsbelasting in de woningen ook niet toenemen."

Muchall hat syn befiningen yntusken dield mei de auditkommisje Permanent Geluidsmeetnet Vliegbasis Leeuwarden, mei dêryn ûnder oare omwenners en ek fertsjintwurdigers fan Definsje. Definsje hat earder al oanjûn der alles oan te dwaan om binnen de jildende lûdsnoarmen te bliuwen.

Muchall wiist derop dat 2022 in krúsjaal jier wurdt yn de beoardieling fan it lûd fan de F-35 en it effekt op de omjouwing. Troch de coronakrisis is dit jier en ferline jier folle minder flein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)