Topdrokte by wyldbehearders om reekealtsjes te beskermjen

Boeren wiene moandeitejûn drok oan it meanen yn de omkriten fan Aldegea (Sm.). Nei it wiete waar fan de ôfrûne wiken moast de earste sneed der heechnedich ôf.
Topdrokte by wyldbehearders om reekealtsjes te beskermjen
De drokte foar de boeren betsjut ek ûngetiid foar de wyldbehearders út de omkriten. Sy geane it lange gers troch, foardat de meanmasinen it lân op gean om te sykjen nei reekealtsjes.
De jonge bakker en wyldbehearder Arjen Biesma hat sels in pear dagen frijnommen om yn de greiden nei reekealtsjes te sykjen. Der binne wol tsien boeren dy't him of ien fan de oare jagers in seintsje jouwe foardat se it lân yn gean.

'Kealtsjes ynpakke yn gers'

Dat liket fertuten te dwaan. Allinnich al op moandei waarden trije reekealtsjes fûn en wer op in feilich plakje dellein. Dat wurdt mei in spesjale proseduere dien. "Je moatte se ynpakke yn gers. We dogge dat mei moffen oan, sadat de bistjes net de geur fan de minske krije, want dan wol de mem der neat mear fan wite."
De kealtsjes wurde yn gers ynstoppe foardat se foarsichtich ferpleatst wurde © Arjen Biesma
It wurk is nedich, want de wyldbehearders rûze dat der wol sa'n 90 reeën binne yn Aldegea en omkriten. En omdat it op de kuierpaden hieltyd drokker wurdt mei natuerleafhawwers en hûnen, sykje de reeën leaver it hege gers op.

Mei skeane banen troch it hege gers

Dizze maitiid treffe se it, want troch it wiete waar binne de boeren letter, is it gers heger en binne de reekealtsjes al wer wat grutter. "As de kealtsjes hiel lyts binne, bliuwe se passyf lizzen, wat foar grut apparaat der ek op harren ôfkomt. As se grutter binne besykje se faker om út te naaien en is de oerlibbingskâns ek grutter."
Biesma rint mei skeane banen troch it hege gers. It komt der op oan, want in lyts baltsje reekeal yn it hege gers sjogge je samar oer de holle. As in folwoeksen ree foar him oerstekt, wurdt Biesma ekstra alert. "As hjir in folwoeksen wyfke stean bliuwt, binne de kealtsjes net fier fuort. Se kinne yn dit stik greide lizze, mar ek fierderop. Je moatte der om tinke dat je der net op stean gean."
Reeën ferstopje de kealtsjes it leafst yn heech gers, sadat se minder gau sjoen wurde troch rôfbisten.
Harkje nei boer Hessel Geerlings
Wyldbehearder Arjen Biesma