Man fytst sûnder ljocht yn Drachten en moat hast in jier de bak yn

31 maaie 2021 - 22:12

In 33-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak is yn de nacht fan snein op moandei yn Drachten oanholden om't hy fytste sûnder ljocht. By de kontrôle die bliken dat de man noch in selstraf útsitte moast foar in eardere feroardieling.

Foto: ANP

Dêrom moat de man no 356 de sel yn. Hy is troch de plysje fuort oanholden en meinaam om syn straf út te sitten.

Trefwurden: 
Drachten selstraf
(Advertinsje)
(Advertinsje)