Harns hat wer in boargemaster: 62-jierrige Ina Sjerps beëdige 

31 maaie 2021 - 22:03

Ina Sjerps (62) fan Den Haag is fan moandeitejûn ôf offisjeel boargemaster fan Harns. Se waard beëdige troch de kommissaris fan de Kening Arno Brok. Se folget Roel Sluiter op,

Foto: Daan de Schiffart

Sjerps hat al wurke yn in soad stêden yn Nederlân, yn 2018 wie se gemeentesekretaris yn Rotterdam.

De striid foar gelikenens is de reade tried troch har karriêre. Dêrom fynt se it 'ekstra' leuk dat se de earste froulike boargemaster fan Harns wurdt. "Sociaaleconomisch ligt er in Harlingen een heel interessante opgave", sei Sjerps.

Trefwurden: 
Harns boargemaster Ina Sjerps
(Advertinsje)
(Advertinsje)