Dochs omtinken foar Jentsje Popma yn Fries Museum

Jentsje Popma hopet ein septimber syn hûndertste jierdei te fieren. Stichting Nijkleaster jout dêr omtinken oan mei ûnder mear in boek en eksposysje fan it wurk dat dizze keunstner makke. Mar ek it Fries Museum yn Ljouwert jout omtinken oan de keunstner.
Wurdum skildere troch Jentsje Popma © Fries Museum
It museum sil nei eigen sizzen 'een intieme presentatie met zijn werk' meitsje. Dat dogge se yn gearwurking mei Popma sels. Yn de útstalling moatte lânskippen dy't de keunstner makke hat presintearre wurde tsjinoer it wurk fan skilders dy't Popma persoan oansprekke.
Dat it Fries Museum omtinken jout oan Popma is bysûnder. Earder sei direkteur Kris Callens dat se yn it Fries Museum gjin tentoanstelling oer Popma diene. "Waarom zou ik dat doen?", sei hy doe.
Op moandeitemiddei wie der in artikel te lêzen op dizze webside wêryn Huub Mous him fernuveret oer it feit dat it wurk fan Jentsje Popma net wolkom wêze soe yn it Fries Museum. Dat blykt net wier te wêzen. Dêrom is dit artikel offline helle.
Yn 2016 wie Jentsje Popma ûnderwerp fan in dokumintêre fan FryslânDOK. De dokumintêre, Flecht nei it ljocht, is hjir werom te sjen: