Amelanner festival MadNes binnen trije dagen útferkocht

It Amelanner festival MadNes is binnen trije dagen útferkocht. Nea earder wie it festival, dat foar 27, 28 en 29 augustus op de aginda stiet op it strân fan Nes op It Amelân, sa rap útferkocht.
© Bas Arps
MadNes is nei eigen sizzen it surf-, skate-, kultuer- en muzykfestival fan Nederlân. Dit jier stean ûnder oare artysten lykas Will and the People, Tim Knol en Mahout op it programma. Ek is der romte om te surfen en is der omtinken foar kultuer.