Weinterperskar: in ûndergrûnske wetterstream

Yn de searje De Maitiidsswalker is Remco de Vries op paad yn natuergebieten fan Fryslân. Dit kear is hy te gast by Staatsbosbeheer yn Súdeast-Fryslân wêrmei't hy oan de rânen fan it Keningsdjip en de Bakkefeanster dunen op syk giet nei maitiidsmerakels.
Besjoch de nijste ôflevering fan De Maitiidsswalker:
Wat yn dizze ôflevering benammen opfalt, is it grutte ferskaat oan natuerterreinen yn it Weinterper Skar. Wiete heide, drûge heide, blaugerslân, healân en bosk; je komme it der allegearre tsjin. It is ek in natuerterrein dat it foar in grut part ha moat fan earme, mineraalrike grûn en dat is ek goed te sjen oan de blommen en krûden dy't je der fine. Mei boskwachter Manon van Wesel sykje wy in oantal op.
Boskwachter Manon van Wesel leit it út:
De Maitiidsswalker is alle moandeis te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. De earste útstjoering is om 17:15 oere, en it programma wurdt alle oeren werhelle.