Omke Mühren yn de SportCast: "In Volendam had niemand dit verwacht"

31 maaie 2021 - 17:06

Hy hie ferskate opsjes, mar úteinlik kiest oanfaller Robert Mühren net foar SC Cambuur mar foar thúskommen. De kommende trije jier fuotballet de spits foar FC Volendam.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

"Dit fielden je wol oankommen, dit ferrast my totaal net", seit Geert van Tuinen yn de SportCast. Mar yn Volendam is de fernuvering grut dat Robert Mühren wer werom komt. Dat seit stadionspeaker, en omke, Jack Mühren. "In Volendam had echt niemand dit verwacht."

Ferslachjouwer Andor Faber wit dat Cambuur de spits graach hâlde woe: "Mühren koe by Cambuur hast trije ton fertsjinje. De spilersbegrutting is sa'n trije miljoen euro, dus dat is sa'n tsiende part. Dat jout wol oan dat Cambuur hiel fier foar him gien is."

Hij kan niet van achteruit de bal ophalen, de voorzet geven en dan de bal er zelf inkoppen.

Stadionspeaker by Volendam Jack Mühren oer syn omkesizzer Robert

Stadionspeaker Jack Mühren is tige optein dat syn omkesizzer wer foar syn favorite klup fuotballet. "Robert heeft zijn hart laten spreken en staat garant voor doelpunten, maar kan het natuurlijk niet alleen. Hij kan niet van achteruit de bal ophalen, de voorzet geven en dan de bal er zelf inkoppen."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje wy ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)