Mobile skiepskoai beskermet skiep tsjin wolf; Elslo hat de primeur

31 maaie 2021 - 16:46

De earste mobile skiepskoai fan ús lân is moandei yn Elslo yn gebrûk naam. It giet om in stik stek fan 20 by 10 meter mei in tintedoek der oerhinne. It Fryske Gea wol sa de skiep beskermje tsjin de wolf. De skiep rinne oerdei gewoan los en wurde jûns yn de koai set en binne sa feilich.

Binnen in dei kinne twa persoanen de hiele skiepskoai ferpleatse en wer opbouwe

Binnen in dei kinne twa persoanen de hiele skiepskoai ferpleatse en wer opbouwe. Sa wol It Fryske Gea seis of sân kear yn it seizoen ferhúzje. De keppel oernachtet yn de koai mei de hoeder en de hûnen. By nacht binne se feilich foar wolven. En beskerming is needsaaklik. Ferline jier binne fan de keppel fan It Fryske Gea njoggen skiep ferlern gien troch in wolf.

"Ze lagen over het hele terrein", seit hoeder Hilde Groen. "Het is heel naar om de schapen zo terug te vinden en om ze uit de Tjonger te moeten vissen. Ze hebben een nare dood en dat is jammer."

Skiep stean út de sinne ûnder it doek - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Dizze skieppekoai is net de oplossing foar alle skieppehâlders. It Fryske Gea hopet dat dit foar oaren ynspiraasje is. Want se binne net tsjin de wolf. De wolf heart by in sûne natuer, fynt direkteur Henk de Vries. "Wat ús betreft is de wolf wolkom, mar we moatte ús der wol op tariede. Ik hoopje dat elke skieppehâlder neitinkt oer hoe't se mei de wolf omgean."

In foardiel fan in skieppekoai is dat de dong sammele wurde kin. Dizze heechweardige potstâldong sil brûkt wurde om ikkerkes oan te lizzen yn en by de heide. Dêrmei moatte ferdwûne planten wer weromkomme.

Skiep by de mobile koai - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Trefwurden: 
wolf mobyl Elslo skiepskoai
(Advertinsje)
(Advertinsje)