Kriminele organisaasje út Brabân siet achter Ljouwerter drugslab

31 maaie 2021 - 16:20

In drugslaboratoarium oan de Troelstrawei yn Ljouwert, dat twa jier lyn oprôle waard, wie nei alle gedachten fan de kriminele organisaasje fan Martien R. út Oss. Dat waard moandei dúdlik by de rjochtbank yn Den Bosch.

(FLNR) Martien R. Bart H. Frank L. en Anjo R. yn de rjochtbank yn Den Bosch. - Foto: ANP

De rjochtsaak tsjin R. en in groep oare fertochten is op dit stuit oan de gong. It Ljouwerter drugslab kaam dêrby moandei oan de oarder.

Yn telefoanpetearen, dy't ôflústere binne, hat de haadfertochte it oer stellerij. Ut it lab waard fiifhûndert liter oan grûnstoffen foar drugs stellen, flak foardat de plysje der in ynfal die. Op tapes is te hearren dat der neffens Martien R. "500 liter B-olie gepakt is, die klaarstond." Neffens justysje is B-olie koadetaal foar bmk, in grûnstof foar it meitsjen fan amfetamine.

Ljouwerter ferantwurdlik

De kriminele organisaasje fan Martien R. gie der fanút dat in man út Ljouwert ferantwurdlik is foar de stellerij en dat hy dêrnei de plysje tipt hat oer it lab. De Ljouwerter soe sels ek belutsen west ha by it drugslab. Ek dat is te hearren op de telefoantaps.

Nei de ynfal fan de plysje hat boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert de loads in heal jier sletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)