SC Cambuur giet langer troch mei assistinten Henk de Jong

31 maaie 2021 - 15:34

Sportklup Cambuur giet langer troch mei assistint-trainers Pascal Bosschaart en Martijn Barto. Ek keeperstrainer Peter van der Vlag hat syn hantekening set ûnder in langer ferbliuw by de Ljouwerters. Dat makke de klup moandei bekend.

Foto: SC Cambuur

Techysk manager Foeke Booy is tige optein mei de ferlinging fan de trije mannen: "We willen met de basis van de afgelopen twee jaar doorbouwen in de Eredivisie en daarvan zijn Pascal, Martijn en Peter een belangrijk onderdeel. Ze hebben laten zien over veel kwaliteit en kunde te beschikken en vullen onze hoofdtrainer Henk de Jong op een uitstekende manier aan."

Earder makke de klup al bekend dat trainer Henk de Jong syn kontrakt mei in jier ferlinge hie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)