Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân hast gelyk oan snein

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 73 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 2 minder as snein. Doe wienen it der 75. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 85 besmettingen registrearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (10) en Smellingerlân (10).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Ek waarden gjin minsken yn it sikehûs opnaam.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 2.134 nije coronagefallen registrearre. Snein wiene dat der 2.785.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.