Grutte treinsteuring yn Nederlân, ek ferbining Ljouwert-Zwolle leit derút

31 maaie 2021 - 14:50

In lanlike steuring oan in telefoansysteem soarget der sûnt moandei healwei trijen foar dat yn it hiele lân hast gjin treinen ride kinne. Dat komt om't de steuring gefolgen hat foar de betsjinning fan seinen en wiksels op it spoar.

UPDATE: It treinferkear wurdt fan 16.00 oere ôf wer opstart, mar it kostet noch wol tiid foar't wer in folsleine tsjinstregeling is.

Foto: AS Media

De steuring sit by provider Mobirail en neffens ProRail kinne treinferkearslieders net kommunisearje mei de masinisten fan ferfierders. "Dat is essentieel om treinen te laten rijden, dus daarom hebben we besloten een groot deel van het land stil te leggen."

De steuring liket feroarsake te wêzen troch in automatisearringsflater yn it systeem fan de provider. Der is nei in "maximumcapaciteit" opskaald om de steuring te ûntdekken. In wurdfierder ferwachtet dat reizgers noch de rest fan de dei de gefolgen fernimme fan de steuring. "Het duurt dan nog lang voordat alles is opgestart, dat is een grote puzzel, dus reizigers zullen nog flinke tijd last hebben van de storing."

Treinen mei reizgers dy't al ûnderweis wienen, kamen net ynienen stil te stean. "Alle treinen rijden door naar een perron", seit in wurdfierder fan NS.

Arriva

Arriva advisearret reizgers om de reizen út te stellen. By Arriva ride noch wol treinen yn it noarden fan it lân en ûnder Roermond.

Aldert Baas fan ProRail

Trefwurden: 
NS steuring treinen
(Advertinsje)
(Advertinsje)