Boargemaster Buma lit twa drugspannen yn Ljouwert slute; ek loads yn Miedum ticht

31 maaie 2021 - 14:34

Yn Ljouwert binne ferline wike twa huzen sletten om't der drugs oantroffen wienen. Dat gie om in wenning oan de Spoorstraat (368 himpplanten) en oan de Wismastate. Dêr waard 61,34 gram amfetamine en 4,1 gram kokaïne fûn.

Foto: Shutterstock.com / Aleksandr Gavrilychev

De Spoorstraat moat trije moannen ticht bliuwe en de Wismastate in healjier. Mei dizze derby rekkene binne dit jier 15 wenningen yn de gemeente sletten op lêst fan boargemaster Buma.

Ein maaie is ek in loads oan de Canterlânswei yn Miedum sletten. Earder dit jier wie dêr in drugslaboratoarium oantroffen mei grûnstoffen foar de produksje fan methamfetamine. De loads is foar seis moannen sletten.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs Miedum Buma
(Advertinsje)
(Advertinsje)