Trije tips om digitale boeven te tûk ôf te wêzen

31 maaie 2021 - 14:15

Geregeld komt it yn it nijs: fraude fia berjochten op de mobile telefoan of linkjes yn de mail. Kriminelen smite hieltyd faker digitaal aas út, dêr't minsken sûnder nei te tinken yn bite. Hoe soargest datsto net it folgjende slachtoffer wurdst? Trije tips fan de ekspert.

Foto: Shutterstock.com / Eviart

In sms'ke dat dyn pakketsje ûnderweis is mei in 'track & trace' linkje. In mail fan dyn bank dat dyn nije pinpas klear leit. Of in appke fan dyn soan of dochter dy't yn de problemen sit en freget om jild oer te meitsjen. It is tsjintwurdich hast de gewoanste saak fan de wrâld dat der alle dagen fertochte berjochtsjes binnen komme. It probleem is allinnich dat in soad minsken dizze berjochten net as 'fertocht' bestimpelje.

Trije handige tips

Ate van der Meer fan Snakeware út Snits is ekspert op it mêd fan digitale feilichheid. Hy leit út dat digitale kriminelen benammen ynspylje op psychologyske faktoaren en emoasje. "Zeker wanneer het om je kinderen gaat, ben je bereid om alles te doen. Daar spelen criminelen handig op in", fertelt Ate. "Wees daarom altijd alert." Trije handige tips.

Foto: ANP Foto

1. Tel oant tsien

Om in ynternetkrimineel te tûk ôf te wêzen, is it benammen saak om twa kear nei te tinken foardatst op in linkje klikst. As minsken reagearje wy faak út emoasje. En dat is dreech om út te skeakeljen, wit ek Ate. "Tel daarom altijd tot tien voordat je op een linkje klikt. We denken dat we alles tegenwoordig wel weten. Daarmee overschatten we onszelf gigantisch. Je wilt niets missen en hebt vaak al geklikt voordat je gaat denken. Daar zit de grote valkuil."

Foto: ANP Foto

2. Smyt in 'controlelijntje' út

Oplichters spylje yn op dyn emoasjes, benammen as it giet om moaie oanbiedingen of dyn bern dat yn need is. "Ik zou altijd een controlelijntje open gooien", jout Ate as tip. "Stel je krijgt een sms'je van je zoon of dochter die in geldnood verkeert. Bel dan even of het klopt. Of bel met je bank wanneer je een mailtje krijgt over een verlopen pinpas. Vaak ontdek je dan al dat er iets niet klopt."

Foto: ANP Foto

3. Brûk dyn sûne ferstân

Liket in oanbieding op Marktplaats te moai om wier te wêzen? "Dan is dat vaak ook het geval", seit Ate. "Gebruik altijd je gezonde verstand. Google de naam van de afzender of het bedrijf om te checken of dit een vertrouwde verkoper is. En ben je zelf slachtoffer? Schaam je niet en deel je verhaal, zodat anderen niet hetzelfde overkomt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)