Sikehûzen kinne tal coronabêden ôfskale no't de besmettings nei ûnderen gean

31 maaie 2021 - 13:16

No't it oantal besmettingen mei corona rap minder wurdt, nimt ek it oantal sikehûs-opnames ôf. En dus kinne sikehûzen harren coronabêden stadichoan wer klearmeitsje foar 'gewoane' pasjinten.

Foto: ANP Foto

Snein leine der yn hiel Nederlân 1.327 minsken mei corona yn it sikehûs. Ein april leine der noch 2.700 corona-pasjinten yn de Nederlânske sikehûzen. It liket sa stadichoan tiid om it tal coronabêden ôf te skalen.

Stadichoan ôfskale

Yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean bygelyks, binne se drok dwaande mei de tariedingen om de corona-ôfdieling om te foarmjen ta in unit, dy't ûnderdiel wurde kin fan in oare ôfdieling. By Nij Smellinghe yn Drachten giet it oantal IC-bêden fan tiisdei ôf werom fan 6 nei 4. It oantal ferpleechbêden op de corona-ôfdieling bliuwt wol 8.

Earst op fakânsje

It is net sa dat de sikehûzen mei it ôfskalen fan de coronasoarch fuortendaliks de gewoane soarch wer opskale sille. De druk op it ferpleegjend personiel is hiel grut. Dizze minsken moatte earst de kâns krije om mei fakânsje te kinnen.

Ferskil tusken coronapasjinten en IC-pasjinten

It tal pasjinten dat op de IC lei yn Nederlân wie snein 499. Om't pasjinten op syn minst twa wiken op de IC lizze, soarget dat foar in fertraagjend effekt. Dêrtroch rint it tal IC-pasjinten minder hurd werom as it tal coronapasjinten yn de sikehûzen. Net elke coronapasjint hoecht nammentlik nei de IC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)