Learlingen krije boek as oantinken foar har eksamen Frysk

31 maaie 2021 - 13:15

De VMBO-learlingen fan it Liudger yn Burgum dienen dizze moandei eksamen Frysk. Nei ôfrin krigen se it boek Nearnewâld kado fan it Skriuwersboun, dat yn 2019 50 jier bestie. Neist de eineksamenlearlingen yn Burgum, krije ek learlingen yn Boalsert, Ljouwert, Drachten, Surhústerfean, Frjentsjer, Snits, Koudum en Dokkum it boek kado. Op tiisdei dogge ek de havo- en vwo-learlingen noch eksamen.

Learlingen krije boek as oantinken foar har eksamen Frysk

"It wie in moai ôfwikseljend eksamen mei trije teksten. Ien oer de agraryske sektor, ien oer feestweinen en ien oer in dichter. Der siet foar elk wol wat by", seit dosint Frysk Tjeerd Kooistra fan Liudger. En neffens de learliingen wie it goed te dwaan.

Yn Burgum dogge yn totaal mar leafst 54 learlingen eksamen yn Frysk. "Dat dat der safolle binne, komt omdat we it as eksamenfak oanbiede as in moderne frjemde taal, dus neist Dútsk of Frânsk kinst ek dyn memmetaal kieze. It soe moaie wêze as oare skoallen dat ek dogge."

Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Boek as oantinken

De learlingen krigen it boek Nearnewâld kado. "Dat is bedoeld as betankje, dat se in pear jier Frysk leard ha. En ik hoopje dat se mei dit boek fierder gean mei Frysk lêzen en wa wit sit der oer in tiid wol in skriuwer by", seit Ammerins Moss-de Boer, bestjoerslid fan it Skriuwersboun.

Net elkenien reagearre entûsjast, sa fan wat moat ik dermei. "Kinst it boek ek noch oer tsien jier lêze. It is in oantinken oan dit eksamen, wêr op de wrâld oft se binne. It Frysk bliuwt by har, hoopje we."

Tjeerd Kooistra en Ammerins Moss-de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)