Leararen en learlingen bliid dat se wer nei skoalle meie; "de sosjale kontakten ha ik mist"

31 maaie 2021 - 12:38

Stadichoan giet Nederlân fan 't slot, dizze moandei meie de middelbere skoallen nei in heal jier wer folslein iepen. Learlingen hoege ek gjin oardel meter ôfstân mear fan elkoar te hâlden. Op skoallemienskip Liudger yn Burgum binne se bliid dat de learlingen wer op skoalle komme meie. Ek de learlingen binne der bliid mei. "No sjogge we ús klasgenoaten wer. De sosjale kontakten ha ik wol mist en dosinten kinne op skoalle ek better útlizze as online."

Leararen en learlingen bliid dat se wer nei skoalle meie; "de sosjale kontakten ha ik mist"

Teamlieder Jannechien van der Kooi leit út dat se no al iepen kinne. "We kinne fluch skeakelje en we sjogge nei wat it bêste foar de learlingen is en we hâlde dêrby soarch en oandacht foar de meiwurkers. We binne hiel bliid dat de bern wer op skoalle binne en dat we net mear hybride ûnderwiis hoege te jaan."

"We ha as skoalle sein: we gean derfoar. It kin, we ha brede gongen en de fentilaasje is op oarder. En de eksamenlearlingen binne al net mear op skoalle. De bern kinne yn in fêst lokaal sitte, dat makket it makliker. En de meiwurkers dy't har der net noflik by fiele, kinne noch fan hûs út les jaan."

As de learlingen troch skoalle rinne, moatte se noch wol in mûlkapke op.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw wie yn Burgum

Foto: Simon Vestdijk

Op skoallemienskip Simon Vestdijk yn Frjentsjer feroaret der net folle. Dy skoalle hat nei de lockdown op 8 maart hielendal net ticht west. "We hebben 180 leerlingen en we konden met de maatregels open blijven", leit direkteur Sydo de Jong út.

"We hebben een flexibel gebouw met wanden die open en dicht kunnen. Met het meetlint in de hand konden we de anderhalve meter handhaven. En we konden gebruik maken van de basisschool naast school." It ferskil is no dat de learlingen gjin oardel meter ôfstân mear hoege te hâlden. "Dat is prettig en maakt de sfeer beter, je hoeft elkaar minder op die regel te wijzen."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie yn Frjentsjer

Foar in soad skoallen komt it te betiid: se ha wat langer nedich om om te skeakeljen. Nije wike moatte se allegear wer iepen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)