Definsje: "Alle meiwurkers dy't mei groom-6 wurke ha en siik wurden binne, krije kompensaasje"

31 maaie 2021 - 12:21

Alle meiwurkers en âld-meiwurkers fan de fleanbasis yn Ljouwert dy't mei de ferve groom-6 wurke ha en siik wurden binne, komme yn oanmerking foar finansjele kompensaasje. Dat hat it ministearje fan Definsje moandei bekend makke yn in parsekonferinsje.

Foto: ANP Foto

Ferskate meiwurkers binnen Definsje binne tsientallen jierren bleatsteld oan de ferve mei de gefaarlike stof groom-6. Fan dizze stof is bekend dat it liede kin ta longkanker.

Fleanbasis Ljouwert

Seis jier lyn waard al dúdlik dat ek meiwurkers op de fleanbasis yn Ljouwert jierrenlang bleatsteld binne oan dizze ferve. Ut oanfoljend ûndersyk fan it RIVM blykt no dat noch folle mear meiwurkers gefaar rûn ha. Tink bygelyks oan sjauffeurs dy't kollega's holpen hawwe.

Trije jier lyn konkludearre it RIVM al dat Definsje ferantwurdlik is foar sûnensklachten by meiwurkers dy't mei de ferve wurke ha. Yn dat ûndersyk waard allinnich sjoen nei meiwurkers dy't siik wienen en wurke ha by fiif NAVO-depots foar opslach en by it ûnderhâld oan Amerikaanske tanks.

Rommere kompensaasje

Dizze sike meiwurkers koenen har melde en hiene rjocht op kompensaasje. Oant it ein fan ferline jier hiene har 900 minsken meld. Dizze kompensaasjeregeling jildt no dus foar alle minsken dy't ea op in Definsje-lokaasje mei groom-6 wurke ha en siik wurden binne. Hoefolle dat der binne, is noch net dúdlik.

Wat is groom-6?

Groom is in metaal, dat brûkt wurdt foar it 'verchromen' fan izer. It doel hjirfan is om foar te kommen dat it izer rusket. Lange tiid waard it dêrom ferwurke yn ferve. Benammen yn de jierren '70 en '80 waard in soad mei dizze ferve wurke by Definsje, mar ek by oare organisaasjes.

Groom-6 is gefaarlik foar de sûnens. By it spuitsjen fan dizze ferve komt de skealike stof yn de loft en wurdt ynazeme. Bleatstelling oan groom-6 kin ûnder oaren longkanker en COPD feroarsaakje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)