IFKS begjint mei organisaasje kampioenskip

Nei de SKS begjint no ek de organisaasje fan de IFKS mei de tarieding foar it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen. Dat kin trochgean, omdat der ferrommingen fan de coronamaatregels oankundige binne.
IFKS De Lemmer © Omrop Fryslân
De IFKS giet derfan út dat it kampioenskip dizze simmer in sobere foarm ha sil, sûnder publyk en feestlikheden deromhinne.
En de organisaasje bliuwt der rekken mei hâlden dat de wedstriden úteinlik noch oergean kinne, as it oantal coronabesmettingen net minder wurdt of sels tanimt.