Ljouwerter gemeenteried beslút woansdei oer takomst Zalen Schaaf: grutte kâns foar Schaaf Blijft!

31 maaie 2021 - 11:43

De gemeenteried fan Ljouwert sil, sa't it der no hinne leit, kieze foar it plan Schaaf Blijft! in Beweging. De gemeenteried moat nei lange diskusjes woansdeitejûn kieze oer de takomst fan Zalen Schaaf.

Foto: Zalen Schaaf in beweging

De ried wie djip ferdield oer de trije foarstelde plannen. Herûntwikkeling Speelmanskwartier - de foarkar fan it kolleezje -, Agora en Schaaf Blijft! koenen allegear net op in mearderheid rekkenje. Dêr is no feroaring yn kaam.

Grutste partij PvdA, dat foarkar jout oan it plan-Agora, hat as twadde kar Schaaf Blijft!, meldt de partij oan de lokale omrop LEO Middelsé. Ek GroenLinks sil it kolleezjefoarstel net stypje. Trochdat CDA, VVD en D66 it kolleezjefoarstel stypjen bliuwe, kin inkeld Schaaf Blijft! in mearderheid ferwachtsje.

De sosjaaldemokraten lykje mei de twadde kar foar Schaaf Blijft!, oare partijen ferliede te wollen ek te kiezen foar Agora. CDA, D66 en VVD jouwe no oan net ôf te wiken fan har kar en achter de útkomst fan de priisfraach te stean.

Dêrmei lykje alle seinen op grien te stean foar it plan-Schaaf Blijft! in Beweging fan Bobby Veenstra en Steven de Jong. Al is it noch betiid, wit ek FNP-fraksjefoarsitter en grut foarstanner fan it plan, Jan Willem Tuininga. "De FNP is optimistysk, mar juicht net foar't de hammer falt."

Hedzer Kok

(Advertinsje)
(Advertinsje)