Trajektkontrôle op N381 smyt al goed 17.000 boetes op

31 maaie 2021 - 11:33

Yn fjouwer moanne tiid binne der mear as 17.000 boetes útdield by de trajektkontrôle op de N381 tusken Drachten en Donkerbroek. Dat docht bliken út sifers fan de ryksoerheid.

Foto: SR Fotografie

De trajektkontrôle op de N381 wurket sûnt begjin desimber ferline jier. Noch altyd binne in soad bestjoerders net alert op de oankundige kontrôle op dit stikje dyk. Mar leafst 17.134 minsken rieden te hurd.

Steatskas spekke

By de trajektkontrôle tusken Aldeberkeap en Nijeholtpea trapen de ôfrûne fjouwer moannen 1635 automobilisten it gas justjes te fier yn. De steatskas waard it meast spekt yn Amsterdam. Mear as 125.000 minsken waarden beboete op de A2 tusken Amsterdam en Utrecht.

Minder boetes

Yn fergelyk mei ferline jier krigen minder minsken in boete yn de bus. Yn de earste fjouwer moannen fan 2020 mocht it CJIB 614.000 boetes ferstjoere. Dit jier wiene dat der 554.000.

Trefwurden: 
ferkear N381 trajektkontrôle
(Advertinsje)
(Advertinsje)