Nij Beets krijt it measte reinwetter fan hiel Nederlân

31 maaie 2021 - 10:59

'Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân. It liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.' Neffens it bekende ferske ha wy hjir yn Fryslân altyd moai waar. Mar neat is minder wier. Yn de top 5 fan plakken yn Nederlân mei it measte reinwetter stean Nij Beets en Harns op nûmer 1 en 2.

Foto: ANP Foto

Yn Nij Beets is de ôfrûne moanne it measte reinwetter fallen fan hiel Nederlân. Yn maaie kaam der mar leafst 153 milimeter wetter út de loft. Harns stiet op nûmer twa fan 'wietste plakken' fan Nederlân. Dat meldt it KNMI.

Wiete maaie-moannen

Maaie 2021 stiet lanlik sjoen yn de top trije fan wiete maaie-moannen, mei in gemiddelde delslach fan hûndert milimeter. Yn it easten en súdeasten fan it lân wie it folle minder wiet. Op in soad plakken tusken foel tusken de 60 en de 90 milimeter oan reinwetter.

Trefwurden: 
KNMI reinwetter Nij Beets
(Advertinsje)
(Advertinsje)