Brânwacht hat hiel wat PK's nedich om hynder by Kimswert út de sleat te heljen

31 maaie 2021 - 10:30

De brânwacht is moandeitemoarn manmachtich yn aksje kaam om in hynder op it drûge te krijen. It bist stie yn Kimswert yn it wetter fan de Boalserterfeart en koe op eigen krêft net by de wâl op komme.

Foto: Jaring Rispens

De korpsen fan Wytsmarsum, Harns en Frjentsjer waarden oproppen om it hynder op de kant te krijen. Dat slagge nei in skoftke mei in mobile kraan.

Trefwurden: 
brânwacht hynder Kimswert
(Advertinsje)
(Advertinsje)