Topkok Jan Smink hat der nocht oan: "We mogen weer!"

Fan sneon ôf meie restaurants wer minsken binnen ûntfange. De slutingstiid wurdt 22.00 oere jûns. Dêrmei komt lang om let in ein oan in moannenlange lockdown foar kafees, kroegen en restaurants. Jan Smink, kok en eigener fan restaurant Smink yn Wolvegea, is mar wat bliid mei it beslút. "We mogen weer!"
© Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Fan sneon ôf meie restaurants de doarren wer iepenje. Restaurant Smink yn Wolvegea wachtet lykwols oant woansdei 9 juny, de datum dy't earder oanhâlden waard troch it kabinet. "We hadden onze planning ingesteld op 9 juni", leit Smink út. "Eerder openen heeft nogal wat voeten in aarde, dus daarom houden we de originele planning aan."

Elkenien moat wer opstarte

Net allinnich Smink en syn personiel moatte de saken tariede, ek elkenien dêr omhinne hat it op dit stuit drok. "Onze leveranciers moeten ook alles weer opstarten", jout Smink as foarbyld.
Positief blijven is makkelijker gezegd dan gedaan.
Topkok Jan Smink
Yn de lockdown moasten restauranteigeners kreatyf wêze om dochs noch wat te fertsjinjen. Ek Smink betocht in eigen wize om de boel draaiende te hâlden. "We hebben gezegd: we willen bij de mensen thuis gaan koken. Op die manier hebben we nieuwe gerechten uitgeprobeerd. Die komen nu op de kaart te staan."

Motivaasje fier te sykjen

Dochs fûn de Fryske topkok it dreech om de ôfrûne tiid de kop der foar te hâlden. "Het lastigste was om zelf gemotiveerd te blijven. Positief blijven is makkelijker gezegd dan gedaan. We hebben zo lang moeten wachten. Gelukkig reserveren mensen nu weer bij ons. Je ziet dat het hard gaat en dat geeft ontzettend veel energie."

Tige tankber

De earste dagen nei de iepening sit restaurant Smink al fol. "Dat geeft een heerlijk gevoel. Daar zijn we heel dankbaar voor", laket Smink. "Maar dit hebben we ook wel nodig, want we hebben heel wat in te halen."
Topkok en restauranteigener Jan Smink