Ljouwerter gymnasium Beyers Naudé: earst puzelje foar't learlingen komme kinne

31 maaie 2021 - 08:24

De middelbere skoallen meie fan moandei ôf wer folslein iepen. Wol moatte learlingen en dosinten twa kear wyks sels in coronatest dwaan. By it Ljouwerter gymnasium Beyers Naudé wachtsje se lykwols noch in wike. "Wy wolle ús learlingen graach wer útnûgje, mar wy sitte mei in praktyske puzel dy't wy earst noch oplosse moatte."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It earste stikje fan de puzel is it momumintale gebou midden yn de wyk Huzum. "It gebou is mear as 100 jier âld. Dat betsjut dat de lokalen net sa grut binne en de fentilaasje ek net foldocht oan de easken fan dizze tiid", fertelt rektor Dirk-Jan Dekker. "Dêrom wolle wy de learlingen noch net sa ticht by elkoar ha om de kâns op besmetting foar te kommen."

It twadde puzelstikje is dat de fentilaasje de kommende wiken oanpakt wurde sil. "Wy ha dêrtroch net it hiele gebou ta ús beskikking", leit de rektor út. "Dêrom sykje wy no nei in oplossing."

Miks tusken digitaal en fysyk

Dy oplossing is fûn yn de foarm fan in miks tusken online en fysike lessen. "Benammen de learlingen dy't efterstannen oprûn hawwe, wolle wy nei skoalle komme litte. Mar tink ek oan learlingen dy't presintaasjes hâlde moatte."

Underwiis is folle mear as allinnich mar toetsen en sifers.

Rektor Dirk-Jan Dekker

Oer de selstesten is de rektor kritysk. "It is net ferplichte. Yn de kantine ha wy in loket mei kofje en tee. Dêr kinne learlingen twa kear wyks fergees in selstest krije. Mar wy hanthavenje dêr net op. Der binne learlingen en âlden dy't beswier ha tsjin in test, dus dêrom binne der gjin sanksjes. Wy ha boppedat net de minsken om dat allegear te kontrolearjen."

In jier om rap te ferjitten

As de rektor weromsjocht op ôfrûne skoaljier, dan is it in jier om rap te ferjitten. "Der is safolle bard en learlingen ha sa folle skea oprûn. Mar it is ús it ôfrûne jier wol hiel dúdlik wurden dat ûnderwiis folle mear is as allinnich mar toetsen en sifers. Benammen de sosjale en emosjonele ûntwikkeling fan learlingen stiet no folle mear sintraal."

Rektor Dirk-Jan Dekker fan Beyers Naudé

(Advertinsje)
(Advertinsje)