Izore: "Een foute corona-uitslag heeft enorme consequenties"

"Het testen op corona blijft mensenwerk, maar we begrijpen dat de consequenties van een foute uitslag voor mensen enorm kunnen zijn." Dat seit Anne-Marie van Elsacker fan Izore nei oanlieding fan de flater yn de coronatesten. Meardere pasjinten yn sikehûs MCL yn Ljouwert krigen te hearren dat se besmet wiene mei it coronafirus, wylst dat net sa wie.
© Shutterstock.com (Horth Rasur)
De ferkearde testútslaggen kamen fan testmasines fan it medysk laboratoarium Izore yn Ljouwert. Anne-Marie van Elsacker leit út hoe't it krekt misgong. "In de Friese ziekenhuizen staan apparaten voor een sneltest wanneer een patiënt niet kan wachten op de reguliere PCR-test. Eén van die apparaten heeft niet goed gefunctioneerd voor de positieve uitslagen."

Ferkearde grafyk

Neffens Van Elsacker kaam de flater oan it ljocht doe't in pasjint posityf test waard, mar nimmen yn syn direkte omjouwing posityf wie. "We zijn daarna dieper gaan zoeken en toen bleek het niet te kloppen. We moeten een soort grafiekje aflezen. Bij dit apparaat was het grafiekje dubieus."
Oant no ta bliuwt de skea beheind, ferwachtet se. "Tot nu toe hebben we tien personen gevonden, bij wie we een verkeerde testuitslag hebben gegeven." Izore ferwachtet dat minsken dy't foar 25 maaie test binne, gjin ferkearde útslaggen krigen ha, mar foar de wissichheid wurdt de kommende tiid ûndersocht oft dat sa is.

Under de pet

Nei oanlieding fan de ferkearde testútslaggen is no yn alle Fryske sikehûzen de testmetoade oanpast. "Bij een negatieve uitslag, vertrouwen we het apparaat. Bij een positieve uitslag gaat het lab nog eens extra testen", leit Van Elsacker út.
Izore hat der gjin momint oan tocht om dizze flater ûnder de pet te hâlden. "Dit soort informatie delen we juist met collega's, zodat iedereen er alert op is dat dit kan gebeuren."
Anne-Marie van Elsacker fan Izore