'Kakkers' soargje foar oerlêst op terrassen: "Sok folk sitte wy net op te wachtsjen"

Der binne ûndernimmers yn de rekreaasje- en toerismesektor dy't soargen ha oer it gedrach fan toeristen, no't de coronaregels wer ferromme wurde. Dat die bliken yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries.
© ANP
"It jier 2021 kin foar de Fryske rekreaasje- en toerismesektor dochs noch in topjier wurde", seit direkteur Albert Hendriks fan it toerismeburo Friesland Holland yn it programma Buro de Vries. Mar der is wol noed oer it gedrach fan de toeristen.

'Eten wat de pot schaft'

Hendriks heart hieltyd mear negative lûden fan ûndernimmers. "We moatte guon fan dy gasten hjir suver wat opfiede. It giet dan faak om 'kakkers', sis mar, dy't soks op fakânsje yn Turkije ek dogge. Mar dat kin fansels net. Ik sis wolris: U moet hier eten wat de pot schaft en niet wat u blaft!"
Durk Durksz, Marijke Roskam en Albert Hendriks © Omrop Fryslân, René Koster
Harkje nei it fragmint út it nijsfoarum fan Buro de Vries
Marijke Roskam (PvdA) siet ek yn it programma. Se hearde fan hoareka-ûndernimmers dat asosjaal gedrach op de terrassen geregeld foarkomt en werkent dat. "Fluitsje nei de ober", seit se, "of knippe mei de fingers, dat soarte dingen." En guon gasten driigje negative reviews oer it bedriuw op ynternet te setten, as de ûndernimmer der wat fan seit.
Sok folk sitte wy hjir net op te wachtsjen!
Ald-FNP-wethâlder Durk Durksz
Ald-FNP-wethâlder Durk Durksz reagearre yn it Nijsfoarum skerp: "Sok folk sitte wy hjir net op te wachtsjen!"

Koarte fakânsjes yn Fryslân populêr

"Dochs is it posityf dat minsken hjir wer hinne wolle" seit Albert Hendriks mei klam. No't der bygelyks wer negatyf nijs oer de fakânsjes nei Grikelân wie, sjocht Hendriks dat fuort yn it tal boekings foar in fakânsje nei Fryslân.
It giet dan benammen om de koartere fakânsjes. "Mooglik om't minsken de opsje iepen hâlde wolle om ek noch nei it bûtenlân te gean, as dat feilich genôch is."