Giet dyn favorite evenemint fan 't simmer troch? Besjoch it op ús kaart

31 maaie 2021 - 17:15

Mei de simmer yn 't sicht freegje in soad minsken harren ôf: giet myn favorite festival of iepenloftspul wol troch dit jier? Omrop Fryslân bringt yn kaart hokker eveneminten ôfsein of ferpleatst wurde en hokker miskien dochs gewoan trochgean.

In soad organisaasjes ha al witte litten dat sy fanwege de coronamaatregels harren plannen ferpleatse nei takom jier, sa as it festival Psy-Fi, de Admiraliteitsdagen in Dokkum en Into the Great Wide Open op Flylân. Mar der binne ek in soad eveneminten dy't hoopje mei it opskowen fan in pear moannen dochs trochgean te kinnen.

It gewicht fan it festivalseizoen, dat gewoanwei yn de maitiid losbarst, ferpleatst him dêrtroch nei it ein fan de simmer. Sa ferskoot it Oranjewoud Festival fan juny nei augustus en giet Heaven Open Air op It Hearrenfean fan maaie nei septimber.

Welcome to The Village doart it wol oan. Op 16, 17 en 18 july giet it festival yn wat oanpaste foarm troch. Op it terrein sille groepen fan 500 besikers ferdield wurde oer de programmearring.

Giet dyn favorite evenemint fan 't simmer troch?

Waadopera

Ek de Waadopera is ien fan de gruttere eveneminten dy't it oandoart gewoan troch te gean. Yn septimber wurdt by de seedyk by Peazens-Moddergat de Waadopera fan Peter Grimes opfierd. "Wij houden vast aan 2000 bezoekers per avond. We zitten buiten in de wind, buitendijks. Als het ergens kan, dan is het hier", seit produsint Arnoud Oosterbaan.

Wol hawwe se ferskate coronasenario's klearlizzen en is der goed kontakt mei oerheden. Sa hâlde se bygelyks de opsje iepen om by de yngong sneltesten te dwaan.

Sa't it no liket, is der in soad te dwaan ein augustus en septimber, mar de organisaasje fan de Waadopera fernimt dizze konkurrinsje net yn de kaartferkeap. Oosterbaan: "We hebben bijna 8.000 kaarten verkocht. Wat we wel merken is dat er grote vraag is naar faciliteiten zoals tribunes. We moeten snel beslissen."

Arnoud Oosterbaan, produsint Waadopera

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Berne-iepenloftspul

By it berne-iepenloftspul kieze se noch foar in tuskenoplossing. Gewoanwei is de opfiering yn juny, mar dat wie net helber fanwege de beheinende maatregels. Dus meitsje se no in film.

Foarsitter Tineke van der Schaaf fertelt dat der grut ferlet wie oan wissichheid en dat der dêrom al gau foar it meitsjen fan in film keazen is. De premjêre is ein septimber of begjin oktober.

"Alles kostet wol tiid: it opnimmen, de montaazje en we sitte noch mei de fakânsje der tusken", seit Van der Schaaf. Se wolle der wol in echte premjêre fan meitsje, mei publyk. "We moatte der noch wol in feestje fan meitsje. It is hiel belangryk dat we it dochs op in moaie wize ôfslute kinne."

Tineke van der Schaaf, foarsitter fan it berne-iepenloftspul

Witsto in festival, iepenloftspul of sportwedstriid dy't op ús kaart fermeld wurde moat? Of bist benijd nei de stân fan saken by dyn favorite evenemint kommende simmer? Jou it oan ús troch, dan sette wy it op de evenemintekaart.

Klik hjir om it formulier yn te foljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)