Metaaldetektormannen sykje skerven fan sinnepanielen

30 maaie 2021 - 20:49

Mei de metaaldetektor strune Jan Nijboer en Wilfred de Haan troch de greiden om De Westereen hinne. Gewoanwei sykje se nei kostbere munten of spjelden, mar no sette se de detektor yn by de syktocht nei lytse stikjes sinnepaniel.

Sjoch hjir nei bylden fan de syktocht

De mannen wolle helpe by it opromjen fan it materiaal dat frijkaam is by in grutte brân yn Noardburgum, no goed in wike lyn.

By de brân gong in houthannel folslein yn flammen op. It is noch altyd net dúdlik wat der barre moat mei de stikjes sinnepaniel dy't yn de omjouwing telâne kaam binne.

Sjoch hjir nei bylden fan de brân

Ynstânsjes kinne net oanjaan wa't ferantwurdlik is foar wat der mei de sinnepanielen bart, en ek net wa't de skea betelje moat. Nijboer en De Haan kamen yn aksje.

As de detektor begjint te piipjen, pakt Wilfred de Haan der in lytser apparaat by om te sjen oft hy yn it hege gers útfine kin wêr't it apparaat op oanslacht. "Nee, it is neat. Dit sit djip yn de grûn", seit De Haan. Dat bart hast om de meter.

Fol geduld docht er rûtinemjittich wat er eins altyd docht as er op syk is nei kostberheden: rinne, lústerje en sjen.

Allinnich no sûnder skeppe. "Dat is net nedich no. Dy stikjes sinnepaniel lizze noch yn it gers of op de grûn."

Undersiker Durk Durksz fan de Wageningen Universiteit is spesjalisearre yn gers. Hy seit dat boeren it absolút net fuorje meie oan de kij. It risiko is gewoan te grut, sei er yn it radioprogramma Buro de Vries.

Neffens Durksz moat it no sa gau as mooglik fan it lân ôf en achterút hâlden wurde. Dan moat der sjoen wurde oft der opsjes binne om it glês fan de grûn te krijen. It lân omsmite is neffens Durksz ek gjin opsje: "As ien ding wis is, is dat alles wat je bedobje altyd wol wer boppe komt."

Mei in detektor binne se goed te finen, sa lit hy sjen. De Haan hâldt in lyts stikje glês dat er earder op in oar plak fûn hat boppe de detektor. Dy begjint fuort te piipjen. "Der sit metaal yn ferwurke. Dan kinne wy it fine."

"Buorfrou fûn al stikjes sinnepaniel"

Rixt Zagema is de eigeneresse fan it stik lân. Se is mar wat bliid mei de help. Fia Facebook ha se inoar fûn. "Ik ha net sa'n hiel soad lân. Dit gers ha ik eins al nedich foar hea foar myn hynders", fertelt Zagema. "En as je soks regelje mei de fersekerder, dan binne je noch net wis oft je wat krije. As sy sykje en neat fine, dan doar ik it wol fan it lân te heljen."

Rixt Zagema - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn de omkriten is wol materiaal fûn dat ôfkomstich wie fan de brân, seit Zagema. "Myn buorlju ha in stikje glês fan in sinnepaniel fûn. Dus der is in kâns dat der wat leit."

Der wurdt neat fûn. De beide manlju ha in soad heard, mar sinnepaniel wie it perfoarst net. De Haan: "We komme graach werom as it gers fan it lân is. Om dan te sjen wat der ûnder de grûn leit." De kâns dat it in skat is, is lyts, seit Nijboer. "It binne hast altyd stikjes blik. Mar soms ha je gelok."

Wat weromdwaan foar de boeren

Dat is ek ien fan de redenen dat se har tsjinsten oanbiede, seit De Haan. "We wolle graach wat weromdwaan foar de boeren en lâneigeners. We meie hast altyd wol it lân op om te sykjen. No kinne we sa wat weromdwaan."

Mei in gerêst hert kin it gers no meand wurde. "It stiet heech", seit Zagema. "Mar as ik it fuorje, helje ik it seker noch útinoar om te sjen oft der noch glês yn sit. Je moatte it goed kontrolearje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)