Meardere pasjinten yn MCL hearden 'per ûngelok' dat se corona hiene

30 maaie 2021 - 23:50

Meardere pasjinten yn it sikehûs fan Ljouwert ha te hearren krigen dat se besmet wiene mei it coronafirus, wylst dat net sa wie. Alle Fryske sikehûzen passe no de testproseduere oan.

Foto: ANP

De ferkearde testútslaggen kamen fan twa testmasines, fan it medysk laboratoarium Izore yn Ljouwert. Neffens it sikehûs giet it 'voor zover nu bekend' om tsien pasjinten, dy't in positive útslach krigen wylst se it firus net hiene.

De flater is allinne makke by minsken dy't in positive útslach krigen ha. Yn alle gefallen dat der in negative testútslach kaam is, wie dy útslach wol betrouber. Dat meldt it laboratoarium Izore.

Positive sneltest opnij teste

By alle pasjinten dy't opnaam wurde yn it Ljouwerter sikehûs MCL, wurdt mei in sneltest fêststeld oft se besmet binne mei it coronafirus. Oare sikehûzen yn Fryslân brûke deselde metoade.

Nei oanlieding fan de ferkearde testútslaggen is no yn alle Fryske sikehûzen de testmetoade oanpast. As pasjinten yn earste ynstânsje posityf teste, wurdt der in nije PCR-test dien. Salang't dêr de útslach net fan bekend is, wurde se yn isolaasje ferplege. As se dochs negatyf binne, kinne se nei in gewoane ferpleechôfdieling.

Flater is 'emotioneel belastend'

Izore en it MCL sizze dat se it 'betreure' dat dit bard is. Foar pasjinten is it 'emotioneel belastend' om te hearren dat se it coronafirus ha, as dat achterôf net sa blykt te wêzen. It hat ek effekt hân op direkte famyljeleden, dy't soms yn karantêne moasten.

It is noch net dúdlik wat der presys misgien is, seit direkteur Anne-Marie van Elsacker fan Izore. Dat wurdt noch ûndersocht.

Dizze metoade fan sneltesten is allinne ynset foar pasjinten, en net foar dokters of oare meiwurkers fan it sikehûs, meldt it MCL.

Reguliere PCR-test duorret te lang

De sneltest dy't brûkt wurdt, is in saneamde PCR-sneltest. Yn it sikehûs kin analysearre wurde oft der sprake is fan in coronabesmetting.

Dat de masines yn Ljouwert net goed wurken, is neffens Van Elsacker gau oan it ljocht kaam, trochdat minsken dêr seagen dat der in 'rare' útslach wie. Doe ha se fan meardere pasjinten de útslaggen fan de sneltest yn it laboratoarium analysearje litten.

Dat net alle meunsters nei it laboratoarium geane, hat te krijen mei de tiid dy't dat kostet, seit Van Elsacker. "Ze willen in het ziekenhuis graag snel weten of iemand wel of niet besmet is met het virus."

Mooglik mear falsk-positive útslaggen

It kin wêze dat der mear minsken binne dy't 'per ûngelok' in positive útslach krigen ha. Izore ferwachtet dat minsken dy't foar 25 maaie test binne, gjin ferkearde útslaggen krigen ha, mar foar de wissichheid wurdt de kommende tiid ûndersocht oft dat sa is. "Voor de zekerheid wordt het onderzoek nog met twee weken uitgebreid", meldt Izore.

Pasjinten dy't miskien wol opnij test wurde moatte, krije persoanlik berjocht fan it MCL.

Trefwurden: 
MCL Izore coronafirus sneltest
(Advertinsje)
(Advertinsje)