Kontenerskip botst tsjin brêge yn Wâldwei: Dûkers ynspektearje skea

By in oanfarring mei in kontenerskip is it remmingwurk fan de Fonejachtbrêge by Garyp bot skansearre rekke. It remmingwurk is bedoeld om by in oanfarring de brêge te beskermjen.
© SRFotografie
It liket derop dat der net ien ferwûne rekke is by de oanfarring. Nei de oarsaak wurdt noch ûndersyk dien.

Net fierder farre

It skip dat tsjin de brêge oanfear, leit no yn Burgum oan de wâl, mei in grutte dûk yn de romp. Rykswettersteat meldt dat ynspekteurs earst oan board komme moatte om ûndersyk te dwaan, foardat it wer fierder farre mei.
It giet om in kontenerskip fan 110 meter lang en 12 meter breed. It wie op it Prinses Margrietkanaal ûnderweis nei Delfzijl.

Brege net skansearre

Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat liket it derop dat de brêge sels net skansearre rekke is. Dûkers moatte moandei it wetter yn, om te sjen oft dat sa is.
© SRFotografie
Ferkear op de Wâldwei hat neffens Rykswetterteat gjin lêst fan de oanfarring en kin gewoan trochride.
It remmingswurk fan de brêge moat wol wersteld wurde. Skippen dy't no troch de brêge farre, wurde warskôge dat se foarsichtich passearje moatte.