Oantal nije besmettingen boppe en ûnder de 100

30 maaie 2021 - 16:50

It oantal nije coronagefallen dat fanút Fryslân alle dagen by it RIVM registearre wurdt, liket te stabilisearjen om de 100 hinne. De iene dei leit it sifer der wat boppe, en in dei letter leit it der wer ûnder.

Foto: ANP

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 75 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der minder as sneon. Doe wiene der 108 nije besmettingen.

Yn trochsneed binne der yn Fryslân yn de ôfrûne wike alle dagen 90 nije besmettingen konstatearre. Dat is goed 20 persint minder as in wike earder. Doe stie dat gemiddelde noch op 115. Yn de ûndersteande grafyk is it gemiddelde tal besmettingen te sjen yn it read.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fûn yn de gemeente Ljouwert. Dat giet om 16 gefallen. Dêrnei komme de gemeenten Weststellingwerf (10), Súdwest-Fryslân (8) en Smellingerlân (8).

Der binne neffens it RIVM yn de ôfrûne 24 oeren gjin Friezen ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus. Der is wol ien persoan it sikehûs ynrekke. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Smellingerlân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne der 2.785 nije coronagefallen registrearre. In dei earder wiene dat der noch 3.438.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)