Omrop TIP: Triennen om de Wheelie King

De Ljouwerter motorrider Ben de Groot (27) stie bekend as de Wheelie King. Hy behearske syn motor as gjin oar, mar mocht ek - benammen op it sirkwy - graach de rântsjes opsykje. Op 7 novimber ferline jier waard er oanriden op de krusing fan de Planetenlaan en de Apolloweg yn Ljouwert. Hy oerlibbe it net.
Wa wie Ben? Wat is der krekt bard? En, wat lit er efter? Foar de rubryk Ut it Libben, prate Buro de Vries mei syn âlden, bruorren, skoansuskes en tsientallen freonen. It waard in oangripende radiodokumintêre oer Ben, oer syn autisme, it pesten op de basisskoalle, syn freonskip, syn ûnhandichheid, it ûngelok en de útfeart. Mar boppe alles oer syn passy foar de motor.
En dan is der ek noch it dilemma foar syn bruorren, dy't ek motorride. En it skuldgefoel fan de âlden: "Ik denk wel eens, waren we maar een gezin van basketballers geweest. Dan waren we nu nog compleet."
Buro de Vries is te finen yn dyn podcastapp en op Spotify.