FIDEO: Tsjerketsjinst yn Sint Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân

30 maaie 2021 - 09:59

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein komt de tsjinst út de Sint Clemenstsjerke wei yn Nes op It Amelân.

De foargongers fan dizze oekumenyske tsjinst binne rektor Henk Nota (RKK), ds. Sijbrand Alblas (herfoarme) en ds. Anne-Meta Kobes (menist-grifformeard).

Ard Lukassen is de oargelist en der is muzikale meiwurking fan it Sint Clemenskoar ûnder lieding fan Sip Boelens.

Besjoch de liturgy fan de tsjinst fan 30 maaie 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)