Gjin drôvigens, mar leafde op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert

30 maaie 2021 - 09:11

De ien fynt in begraafplak nuver, de oar just drôvich. Mar in tsjerkhôf kin ek hiel moai wêze, sa moat it Wykein fan it Begraafplak sjen litte. Sneon wie it Noarderbegraafplak yn Ljouwert iepene foar elkenien, mei as tema leafde.

Wykein fan it begraafplak

Ferskate begraafplakken yn de provinsje binne dit wykein iepen foar besikers. "Er valt menig traantje bij begrafenissen of als mensen een graf bezoeken. Maar het is ook heel mooi om te zien hoe mensen hun overleden dierbaren herdenken", sa fertelt Wouter Loef. Hy is regisseur fan de begraafplakken yn de gemeente Ljouwert.

Gewoanwei wurde der ferskate saken organisearre yn it spesjale wykein. "Dit jaar hebben we vanwege corona meer afstand genomen en een wandeltocht uitgezet. Aan de hand van een plattegrond kunnen mensen een aantal graven bezoeken."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Dêryn moat foaral de leafde nei foaren komme. Troch minsken by grêven del te lieden dy't te krijen ha mei bygelyks keunst of iten, wolle se dat sjen litte. "Op die manier proberen we te zorgen dat mensen iets anders naar een begraafplaats kijken", seit Loef.

Neffens Loef kin in begraafplak ek in hiel moai plak wêze. "Het allermooiste vind ik het contact met de mensen op de begraafplaats, zowel de uitvaartverzorgers als de nabestaanden." Foaral it kontakt mei neibesteanden dy't in grêf útsykje, fynt er noflik. "Je hebt dan toch een klik met die mensen. Dan heb je het niet over de dood, maar over een mooi verhaal maken met elkaar."

Ferslachjouwer Jantine Stoffers op it Noarderbegraafplak

(Advertinsje)
(Advertinsje)