Goeie earste wike foar Snitser follybalsters op Nations League: "Een grote eer"

29 maaie 2021 - 19:03

De Nederlânske follybalsters ha der in goeie earste wike op sitten op de Nations League yn it Italjaanske Rimini. Mei ûnder oaren in ferrassende winst op Ruslân binne de froulju goed op wei nei de einronde. Mar it wurdt noch in lang toernoai, sa fertelt Hester Jasper.

Foto: Omrop Fryslân

It toernoai is tiisdei úteinset. By sawol de manlju as de froulju dogge sechtjin lannen mei, dy't de kommende wiken allegear in kear tsjin inoar spylje. Dêrnei geane de bêste fjouwer teams troch nei de einronde.

Leafst fiif Fryske follyballers, allegear Snitsers, binne dizze wiken drok yn Rimini: Hester en Marrit Jasper, Steven Ottevanger, Gijs van Solkema en Bennie Tuinstra komme foar Nederlân út op de Nations League. "Een grote eer", sa seit Hester Jasper.

Se hat dan noch fjouwer wiken te gean, mar oant to na foel it Jasper ta. "Voor mijn gevoel is het heel snel gegaan. En we winnen, het gaat goed met het volleybal. Tot nu toe geniet ik er alleen maar van."

Goeie start

It Nederlânske frouljusteam spile oant no ta trije wedstriden. tsjin België (3-0 winst), Dútslân (2-3 ferlies) en Ruslân (1-3 winst). "Een hele mooie wedstrijd, ik had niet verwacht dat we tegen de Russen zo goed zouden spelen", seit Jasper. It leveret foarearst it fjirde plak op de ranglist op.

Jasper makke yn de earste wedstriden gjin minuten. "Natuurlijk is het jammer dat ik op de bank zit, maar voor mij is het gewoon al een hele eer dat ik er bij ben."

Oft se noch yn aksje komme sil, wit se noch net. "Ik hoop het, maar het is lastig te zeggen. Het wordt natuurlijk een lang toernooi, dus ik kan me haast niet voorstellen dat we vijftien wedstrijd met dezelfde speelsters doen."

Hester Jasper

Manlju stean njoggende

De manlju ha yntusken ek de earste wedstriden spile. Der waard ferlern fan Ruslân (1-3) en sneontemiddei wie Japan mei 2-3 te sterk. Dêrtroch stean de manlju no op it njoggende plak.

De manlju spylje snein opnij, dan is Iran de tsjinstanner. De froulju spylje moandei tsjin Tailân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)