Froulju SC Hearrenfean drave estafette om begrutting rûn te krijen: "We dichten samen het gat"

29 maaie 2021 - 16:47

De lêste wedstriid fan it seizoen is yntusken spile, mar de froulju fan SC Hearrenfean binne noch net hielendal klear. Tiisdei hâlde sy in 'Cashtafette' om it gat yn de begrutting foar kommend seizoen op te foljen.

Foto: Orange Pictures

"We zijn een jonge stichting met weinig vet op de botten, en dan nog corona eroverheen", leit foarsitter Jessica Roosenburg út. De stichting hat it finansjeel swier. "We zijn, anders dan de mannen, honderd procent afhankelijk van sponsorgelden."

Transfer- en opliedingsfergoedings binne foar de froulju fan Hearrenfean noch net in standert, seit Roosenburg. "Tiny Hoekstra, die bij ons opgeleid is, gaat nu naar Ajax. Voor haar super, en we gunnen het haar heel erg. Maar het is voor ons nul euro op de teller. We zijn daar wel dichtbij, ook qua opleidingsvergoedingen, maar dat is nu nog niet zo. Als de economie dan in elkaar klapt, dan merken we dat wel."

Fan haadsponsor nei haadsponsor

Om no dochs jild op 'e bank te krijen, wurdt de Cashtafette organisearre. "We zijn met elkaar het gat aan het dichten", seit Roosenburg. Tiisdei sette se útein mei in tocht fan 150 kilometer, fan haadsponsor nei haadsponsor.

Yn estafette rinne fyftjin teams fan Barneveld nei It Hearrenfean. "Een knipoog naar volgend jaar, dan bestaat het vrouwenvoetbal in Heerenveen 15 jaar." Doel is om 65.000 euro op te heljen. Oant no ta is 51 persint dêrfan binnen.

Jessica Roosenburg en Tiny Hoekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)