Delgong tal besmettingen set net troch: RIVM meldt 108 gefallen

It oantal nije coronabesmettingen giet wer in lyts bytsje omheech. Foar it earst yn mear as twa wiken is it gemiddeld oantal nije besmettingen heger as in dei earder. It gemiddelde wurdt berekkene oer sân dagen.
© ANP
Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 108 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der mear as freed. Doe wiene der 86 nije besmettingen.
Yn trochsneed binne der yn Fryslân yn de ôfrûne wike alle dagen 93 nije besmettingen konstatearre. Dat gemiddelde stie in dei earder noch op 91. Yn de ûndersteande grafyk is it gemiddelde tal besmettingen te sjen yn it read.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne fûn yn de gemeente Smellinerglân. Dat giet om 22 gefallen. Dêrnei komme de gemeenten Ljouwert (17) en Weststellingwerf (11).
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren fjouwer Friezen yn it sikehûs rekke nei oanlieding fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Dantumadiel, De Fryske Marren, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân.
Neffens it RIVM binne der de ôfrûne dei gjin minsken ferstoarn oan it coronafirus.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne der 3.438 nije coronagefallen registrearre. In dei earder wiene dat der noch 3.914.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.