Fierljep- en keatsbûnen meitsje har klear foar wedstriden

29 maaie 2021 - 14:29

Keatsers en fierljeppers kinne har wer klear meitsje foar it wedstriidseizoen. Mei de kommende ferrommingen fan de coronamaatregels kin it seizoen fan 30 juny ôf los. De jeugd kin noch earder, nammentlik takom wike. Fan 5 juny ôf kinne sy wer stride op de fjilden en de barte.

Fierljep- en keatsbûnen meitsje har klear foar wedstriden

De earste haadklasse keatspartij wurdt op 2 july hâlden op It Hearrenfean. As alle ferrommingen trochgean sa't se no oankondige binne is de 'masters' dêr de earste partij dêr't de keatsers de striid wer oangean kinne. Oft it in folslein wedstriidseizoen wurde sil, dat betwivelet direkteur Marco Hoekstra fan it keatsbûn KNKB. "Dat helje we net hielendal yn. Dêrfoar misse we al te folle wedstriden. Mar we probearje wol safolle mooglik te keatsen."

Mooglikheden foar de jeugd

De fierljeppers kinne as it oan it bûn leit op 30 juny alwer yn de stôk klimme. It fierljep- en it keatsbûn wolle sa gau as it kin wedstriden organisearje. Dat moat foarearst wol sûnder publyk. Foarsitter Etty Kramer-Spriensma fan it Frysk Ljeppers Bûn is bliid dat de ferrommingen nei foaren helle binne. "It jout de jeugd mooglikheden om gau wer de sportive striid oan te gean." Ynkoarten hat sy oerlis mei de Polsstokbond Holland oer it kommende NK en FK fierljeppen.

Mear optimisme

De PC, de belangrykste keatswedstriid, kin sa't it no liket gewoan trochgean op 4 augustus. Foarsitter Ids Hellinga is posityf oer de mooglikheden. Ynkoarten hat hy noch oerlis mei de gemeente Waadhoeke oer it evenemint. "De fraach wie allinnich mei hoefolle publyk kin it plakfine. Dêr wie wol it nedige optimisme oer, mar dat is sûnt juster mei de fersoepelingen noch wer mear fersterke."

Keats- en fierljepbûnen oer de ferrommingen

(Advertinsje)
(Advertinsje)