Omrop TIP: Filmportret fan Titus Brandsma

Yn it ljocht fan de ferwachte hillichferklearring fan Titus Brandsma stjoert FryslânDOK in filmportret út, dat Gryt van Duinen yn 2008 fan pater Titus makke. It is te sjen op 29 maaie by NPO2 en op 30 maaie by Omrop Fryslân.
Alles liket klear foar de hillichferklearring fan pater Titus Brandsma fan Boalsert. Mooglik soe it dizze Pinkster wêze, omdat it wûnder fan de genêzing fan in Amerikaanske pryster no offisjeel troch it Fatikaan taskreaun wurdt oan pater Titus. Sa'n wûnder is in wichtige lêste stap by in hillichferklearring. It Fatikaan kiest in geskikt momint, mar it sil nei alle gedachten net lang mear duorje.
Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân
Titus waard as Anno Sjoerd Brandsma berne op Oegekleaster by Boalsert yn 1881. Hy waard karmelyt, heechleraar en publisist. As tige belutsen pryster sette hy him yn foar de emansipaasje fan de katolike tsjerke.

Tsjin it nazisme

Brandsma kaam iepenlik yn ferset tsjin it nazisme. Begjin 1942 waard hy oppakt troch de Dútsers en swier mishannele. In healjier letter kaam hy om it libben yn konsintraasjekamp Dachau. Titus Brandsma waard yn 1985 troch Paus Johannes Paulus II sillich ferklearre.
Tekening fan Titus Brandsma © Omrop Fryslân
Yn de biografy Titus Brandsma, de man achter de mythe beskriuwt Ton Crijnen pater Titus net as in hillige, mar as in minske fan fleis en bloed. Programmamakker Gryt van Duinen gie mei Ton Crijnen nei it Karmelitekleaster yn Boxmeer, dêr't Brandsma as novyt syn yntree die.
Pastoor Jan Romkes van der Wal uit Bolsward © Omrop Fryslân
Fierders yn de FryslânDOK petearen mei pastoar Jan Romkes van der Wal út Boalsert en mei twa omkesizzers fan Titus: Greet en Titus Hettinga. De kameraploech giet ek nei it Titus Brandsma Memorial yn Nijmegen en nei de straffinzenis yn it Dútske Kleef, dêr't Titus in skoft fêstsiet.
Ikoan fan de sillige Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân

FryslânDOK Titus Brandsma 1881-1942

Sneon 29 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling 30 maaie 13.10 oere).
Snein 30 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.