Omrop Fryslân presintearret Johan de Jong-beam foar bêste partikuliere natuerinisjatyf

29 maaie 2021 - 12:10

Omrop Fryslân sil fan no ôf alle jierren de Johan de Jong-beam útrikke. It is in jierlikse priis foar dé natuerleafhawwer fan Fryslân. De priis is in earbetoan oan biolooch Johan de Jong (80), dy't sawat 36 jier lang in wyklikse natuerrubryk op de radio hie. Sneon by syn ôfskied is de priis bekend makke yn it programma Op & Ut.

Johan de Jong-beam presintearre

Mei de priis wol de Omrop sjen litte wat De Jong foar de Omrop betsjut hat en hoe belangryk oft de natuer is, en bliuwe sil, by Omrop Fryslân.

Moaiste partikuliere natuerinisjatyf

De priis is foar it aardichste partikuliere inisjatyf foar natuerbeskerming yn Fryslân. Dat kin fan alles wêze. Bysûndere waarnimmingen bygelyks, dy't fêstlein binne mei de kamera. It trou monitoarjen fan fûgels of ynsekten, of in aksje fan in skoalle om in bedrige bist of in seldsum plantsje te beskermjen.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Alles wat minsken mar betinke út leafde foar de natuer, komt yn oanmerking. Boppedat kin jong en âld meidwaan. In spesjale sjuery sil alle jierren bepale hokker inisjatyf de priis kriget, wa wit mei Johan de Jong as sjueryfoarsitter.

De takomst fan lettere generaasjes

De priis is in beam en de winner mei bepale wêr't dy beam te stean komt. Wêrom in beam? In beam is moai, jout soerstof, slacht CO2 op, is sûn foar ús klimaat. In beam jout plak oan al dy fûgels dêr't Johan de Jong sa fan hâldt. Foar nêsten tusken de tûken, en oan de beamstam is der plak foar fûgelhokjes.

Foto: Omrop Fryslan

In beam hat ek in symboalyske wearde. In beam wurdt grutter as dysels. By it plantsjen fan in beam tinkst oan de takomst, oan lettere generaasjes. Dat is krekt wat De Jong ek altyd bedoeld hat mei syn biologylessen: de leafde foar de natuer bybringe oan bern, dy't dêr yn de takomst ek mei oan de slach kinne.

De earste Johan de Jong-beam is sneon fansels nei Johan de Jong gien. Yn it neijier wurdt de beam plante. De priis kaam ta stân yn gearwurking mei alle Fryske natuerorganisaasjes.

Om 20.30 oere stjoere we dizze sneon in werhelling fan it programma Minsken út. It programma wie in rige portretten oer Friezen mei in bysûndere passy, libbenswize of karriêre. Yn dizze werhelling út 2009 stiet Johan de Jong sintraal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)