Sport- en muzykferieningen bliid mei ein hurde lockdown

29 maaie 2021 - 11:17

Blydskip by sport- en muzykferieningen no't fan 5 juny ôf de hurde lockdown yn Nederlân foarby wêze sil. Alle kulturele ynstellingen, winkels, sportklups, hoareka, attraksje- en natuerparken kinne dan wer iepen, mar wol ûnder bepaalde betingsten.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De ferrommingen hâlde ek yn dat muzykferieningen mei yngong fan nije wike sneon wer repetearje meie. Ek as it dêrby net mooglik is om oardel meter ôfstân fan elkoar te hâlden. Der sit wol in maksimum fan fyftich oan it tal muzikanten dat by sa'n repetysje wêze mei.

Foarsitter Johan Meesters fan de Organisaasje fan Muzykferieningen yn Fryslân (OMF) tinkt dat de measte muzykferieningen dêr wol mei út 'e fuotten kinne. "Fyftich is bêst in protte. Der binne inkelde orkesten yn Fryslân dy't grutter binne as fyftich persoanen, dy sille dochs noch wat ôfwage moatte. It hat ek wol te meitsjen mei de grutte fan de romte."

Johan Meesters

By de sportferieningen mei de jeugd oant en mei 17 jier fan 5 juny ôf wer yn kompetysjeferbân tsjin inoar sporte, mar noch wol sûnder taskôgers. Boppe de 18 jier meie der foarearst allinnich wedstriden holden wurde tusken sporters fan deselde klup. Folwoeksenen meie sporte yn groepen fan maksimaal fyftich persoanen sûnder oardel meter ôfstân fan inoar te hâlden. Jongerein mocht dat al langer.

Al is it let yn it seizoen, foarsitter Johannes Woudstra fan fuotbalferiening Zeerobben yn Harns bliuwt foarsichtich posityf. "Alles wat je no noch meipakke, is meinommen. Alles is better as allinnich mar traine sûnder wedstriden te spyljen. Mar oft it allegear sa útpakke sil as dat we graach wolle, dêr binne noch de nedige fragen oer."

Kantine net iepen

De klaaikeamers en dûsen gean wer iepen. Ek de kantine en it terras fan de sportferieningen meie wer iepen, mar Woudstra tinkt dat it effekt dêrfan nul is. "Wy ha dêr al even oerlis oer han, mar de kantine iepen sil net gebeure. Der mei gjin publyk by komme, dus wêr dogge je de kantine dan foar iepen?"

Spilers en stêf wurde ek achte sa gau mooglik nei de wedstriid wer fuort te gean. "Dus wa bliuwt hingjen? Wa giet op it terras sitten?" Ek organisatoarysk is it net helber foar de Zeerobben, seit Woudstra.

Johannes Woudstra

It demisjonêre kabinet is fan plan om mear coronamaatregels earder te ferromjen. Dat betsjut dat de fjirde en fiifde stap yn it iepeningsplan tagelyk op 30 juny yngean. Wol moatte de coronasifers dat talitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)