Omrop Fryslân radio: in fertroud nij lûd

30 maaie 2021 - 12:49

Omrop Fryslân bringt fan moandei in oare radioprogrammearring: in nij, mar foaral ek fertroud lûd. Mei de bekende stimmen en programma's, mar soms krekt efkes wat oars. We bringe programma's yn in ritme dat past by de dei, mei alles wat der spilet. Kom fierder!

Wat kinst ferwachtsje? We sette alles op in rychje:

Jacob Stelwagen en Jantine Weidenaar presintearje Fryslân fan 'e moarn - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân fan 'e moarn - 6.00-9.30 oere

Jacob Stelwagen en Jantine Weidenaar prate dy fan moarns by. Nijs, sport, waar en muzyk binne alle wurkdagen de wichtichste yngrediïnten fan Fryslân fan 'e moarn. It programma krijt der in healoere by en duorret tenei oant 9.30 oere.

Harm Weistra presintearret No derfoar! - Foto: Omrop Fryslân

No derfoar! - 9.30-12.00 oere

No derfoar! mei Harm Weistra is it programma mei noflike muzyk. Foar de hurde wurker en foar de kofjedrinker thús. Mei in soad muzyk, in oare ynstek fan it nijs en mei spultsjes lykas 'Mynt of dynt'.

No yn Fryslân -12.00-13.00 oere

Tiete Sijens en Simone Scheffer prate dy tusken de middei by oer it aktuele nijs, waar en sport.

Johan Terpstra en Diana de Groot presintearje Goeiemidddei - Foto: Omrop Fryslân

Goeiemiddei - 13.00-16.00 oere

Diana de Groot en Johan Terpstra meitsje der in goeie middei fan, mei muzyk, nijsgjirrige petearen en in rêd fol spultsjes. Foar har is it ek alle kearen wer in ferrassing wat it prizerêd bringe sil.

Jan Dirk de Haan en Eric Ennema presintearje Underweis - Foto: Omrop Fryslân

Underweis - 16.00-18.00 oere

Yn Underweis bringe Eric Ennema en Jan Dirk de Haan de lêste nijssaken en prate se dy by oer de achtergrûnen by it nijs, ôfwiksele mei muzyk, ferkearsynformaasje en it waar.

Noardewyn - 18.00-19.00 oere

Alle dagen is der Noardewyn; it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Willem de Vries bringt de nijste muzyk, petearen mei gasten út de muzykwrâld en freeds in wykeinspecial mei live-opnamen út Noardewyn Live.

Douwe Heeringa - Foto: Omrop Fryslân

En wat feroaret der yn it wykein?

Yn it wykein feroaret der net folle. Op sneon folget nei it nijs yn No yn Fryslân (8.00-9.00) Op & Ut.

Sneons Op & Ut: 9.00-12.00 oere

Douwe Heeringa en Roelof Lousma presintearje it útgeans- en kultuerprogramma en bringe de bêste tips. Neist in nije resinsjerubryk skowe de fertroude gasten Klaas Piekstra en Piet Paulusma oan. En we smite de telefoan iepen foar minsken dy't har eigen evenemint ûnder de oandacht bringe wolle.

Nei it nijs yn No yn Fryslân (12.00-13.00) folget Sneon yn Fryslân (13.00-18.00) mei Geert van Tuinen. Fiif oeren radio mei moaie (nostalgyske) muzyk, reaksjes fan harkers en aktuele sport.

Sneins

De snein feroaret net. Moarns begjinne we mei Prelude (8.00-9.00), folge troch in koart nijsbulletin en dan twa oeren noflike muzyk yn Mei Douwe (9.00-11.00) en Buro de Vries (11.00-13.00) mei nijsgjirrige reportaazjes en it nijsfoarum oer aktuele saken. Snein yn Fryslân (1300-18.00) is mei Johan Terpstra dy't elke wike in jier as kroanjier sintraal stelt. Neist muzyk komt ek de aktuele sport oan bod.

(Advertinsje)
(Advertinsje)