Albert van Dijk nimt ôfstân fan partijlieder, mar bliuwt by FvD: "Baudet lûkt ús net"

Fraksjefoarsitter Albert van Dijk wrakselet noch hieltyd mei it gedrach fan partijlieder Thierry Baudet. "Dat is net hoe't ik polityk bedriuwe wol." Syn fraksje hat wol oer in ôfsplitsing neitocht, mar dat is der net fan kaam. "Wy hawwe doe de kar makke: wy wolle foarút en wy geane troch mei wêr't wy mei dwaande binne. De urginsje om dit ôf te meitsjen spilet by ús hiel bot."
Fraksjefoarsitter Van Dijk: “Baudet seit ús net safolle.”
Utspraken fan Baudet hawwe sawol lanlik as op provinsjaal nivo ta ferskate ôfsplitsingen laat. Albert van Dijk, fraksjefoarsitter foar Forum voor Democratie Fryslân, kart it gedrach fan de partijlieder ôf, mar bliuwt wol by syn partij. "Baudet lûkt ús net, dat seit ús net safolle. Wy binne lid wurden fan in partij en in ferkiezingsprogramma. Dêrfoar binne wy aktyf wurden en dat wolle wy graach útfiere."

Rasistyske appkes

Dochs wrakselet de fraksje wol mei it betrouwen yn de partijlieder. De partij waard by de provinsjale ferkiezingen yn 2019 de twadde partij fan Fryslân en begûn direkt mei seis sitten yn de Provinsjale Steaten. Nei de affêre mei de rasistyske appkes stapte fraksjefoarsitter Goudzwaard oer nei JA'21. "Wy ha in roerige tiid meimakke yn novimber. Wy fregen ús doe ek ôf, wat moatte we no dwaan?"
De fraksje frege him ôf: "Wat moatte we no dwaan?"
Resintlik ferliet Grite Wymenga de partij fanwege de Bevrijdingsposter dy't Forum op sosjale media dielde, mar se bliuwt wol lid fan de Fryske fraksje. De oerbleaune fraksje fan fjouwer hat de kar makke om him net ôf te splitsen. "Wy binne op dat plak keazen. Wy wolle stabiliteit en wy wolle dizze fjouwer jier ôfmeitsje."

Provinsje los fan lanlike polityk

Van Dijk fynt dat syn fraksje autonoom is. "Foar ús is it it wichtichst dat wy mei syn fjouweren by elkoar bliuwe. Wy nimme hiel faak ôfstân fan wat de FvD lanlik seit, dat ha ik ek dien mei dy poster." Baudet wol ophef kreëarje, taboes trochbrekke en fel diskusjearje. "Dat is net hoe't ik polityk bedriuwe wol, dat is net wêrom't ik dêr sit."

Referinda as polityk ynstrumint

De FvD-fraksje makke him yn Fryslân hurd foar referinda. Van Dijk wol derfoar soargje dat referinda as polityk ynstrumint foar de provinsje tagonkliker wurde. "Foar my is dat ien fan de wichtichste driuwfearren wêrom't ik überhaupt polityk aktyf wurden bin, om bestjoerlike fernijing geande te krijen. Ik tink dat der bêst noch wat misgiet."
Foar Van Dijk binne referinda ien fan de wichtichste driuwfearren:
Om referinda tagonkliker te meitsjen wol Van Dijk it tal hantekeningen dat nedich is foar in referendum ferleegje. "Wy ha meimakke hoe lestich oft it is om hantekeningen te krijen, en dan ha wy noch in hiel polityk apparaat ta ús beskikking. Lit stean dat in boarger dat foarinoar krije moat."
Referinda bringe komplekse kwestjes werom nei ja-nee-fragen, mar neffens Van Dijk is dat hoe't it yn de polityk úteinlik ek altyd giet. "It komt altyd op in ja of in nee oan. Ast by de ferkiezingen op in partij stimst, is dat ek kompleks. Do stimst oer ferskate ûnderwerpen. It moaie fan in referindum is dat it oer in isolearre ûnderwerp giet. Dêrmei is it foar boargers behapber en dus in goed ynstrumint."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Dizze kear siet Albert van Dijk fan it Forum voor Democratie oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.