Kollum: "Wizen út it easten"

29 maaie 2021 - 08:20

"Tsjintwurdich is alles better, hearde ik dizze wike yn in kollum. In kollum is ek mar in miening, sei in oare kollumnist. Dy lêste hie fansels grut gelyk. It is grutte ûnsin dat tsjintwurdich alles better is. De ierde soe daliks ja sizze as er prate koe. It bewiis dêrfan seach ik ferline wike yn in dokumintêre.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Yn it uterste noardeasten fan Sibearië wennet in famylje op in plak dêr't oars nimmen wennet. It is in ûndersyksstasjon dêr't minsken harren dwaande hâlde mei de gefolgen fan it opwaarmjen fan de ierde. Ja, dy Russen dêr't we yn opdracht fan de westerske lieders sa benaud foar wêze moatte dogge ek oan ûndersyk dat de wrâld rêde kin.

De heit fan de famylje is jierren lyn as idealist mei syn stasjon begûn, op in plak dêr't earder finzenen stasjonearre waarden yn de wrede tiid fan Stalin syn bewâld. De ûndersiken ha opfallende útkomsten. De hiele krite is dêr oerdutsen mei beammen, de ferneamde Russyske taiga. It tilt der op fan de stekmiggen, mar it opfallende oan de ûnmjitlike leechte fan de omjouwing is dat der oars hast gjin bist mear libbet, wylst der alle romte en frijheid is. De heit hat dêr ûndersyk nei dien. Syn konklúzje waard jierren as in fabel beskôge.

Wylst de hiele wrâld dwaande is om safolle mooglik beammen te plantsjen yn de striid tsjin it feroarjen fan it klimaat, kaam de Rus mei in opfallende strategy. It blykt dat dy beammen dêr hielendal net hearre. De heit syn ferhaal wurdt no serieus naam. Hy is fan in dwaas mei gekke ideeën promovearre nei in autoriteit dêr't op it heechste nivo nei harke wurdt.

Syn soan is dwaande om it libbenswurk fan syn heit fierder út te bouwen. Dat wol sizze, beammen omhakke en bisten weromhelje yn it lânskip. Kij, bygelyks. Yn in eardere tiid tilde Sibearië op fan de wylde bisten. De bonken fan wollige mammoeten dy't út de ûntteiende permafrost omheech komme, binne dêr it bewiis fan. Mar de bisten binne ferdwûn, mei troch de komst fan de minsken.

It gefolch wie dat de fegetaasje feroare fan rike gerslannen yn ûnmjitlike bosken. De taiga hat yn de rin fan de jierren de toendra ferdreaun. Jim sille tinke, dat hat net folle effekt en as it al effekt hat, sil dat posityf wêze. We moatte ommers fan de deskundigen beammen plantsje? Sa as ik al earder sei, tsjintwurdich is net alles better. Neffens de Russyske ûndersiker ha de bosken in negatyf effekt op it opwaarmjen yn stee fan in positive. Hoe dan? No, de bisten dy't hy nei it gebiet hellet, moatte de fegetaasje leech hâlde, want de Sibearyske bosken binne te donker.

Fan oarsprong is it gerslân, mei moassen en sa no en dan in strúk. As je dêr fan boppe nei sjogge, is de toendra folle ljochter fan kleur. En we ha it hjir net oer in postsegel lykas Fryslân, mar oer in gebiet dat der kwa omfang echt ta docht. De sinnestrielen wurde troch de donkere bosken fan de taiga folle minder weromkeatst mei as gefolch dat der waarmte oan it oerflak opslein wurdt. De toendra dêrtsjinoer fungearret troch syn ljochtere kleur as in spegel dy't de waarme sinnestrielen wol omheech keatst. Op dit plak fan de wrâld is bosk dus net de oplossing fan it klimaatprobleem, mar krekt it tsjinoerstelde.

Wittenskippers út de hiele wrâld ha it belang fan de befiningen op dizze ûndersykslokaasje sa stadichoan erkend. Der is in grut stik taiga platlein en der binne bisten hinne helle. It is mar op hiele lytse skaal, mar de gefolgen fan dizze grutte, lytse yngreep wurde no serieus bestudearre. Hooplik kin dizze befleine Russyske famylje in wichtige bydrage leverje oan it bewenber hâlden fan ús trochdraaide wrâldbol. De wizen kamen eartiids ek al út it easten, dus safolle is der net feroare."

(Advertinsje)
(Advertinsje)