Topskutter Mühren tekenet by Volendam: Cambuur siket nije spits

29 maaie 2021 - 15:01

Sportklup Cambuur moat op syk nei in nije spits. Topskutter Robert Mühren, yn de ôfrûne twa jier goed foar 64 doelpunten by de Ljouwerters, tekenet in kontrakt foar trije jier by FC Volendam.

Foto: FC Volendam

Andor Faber en Foeke Booy

De 32-jierrige spits stie folop yn de belangstelling nei't hy Cambuur nei it kampioenskip holp mei 38 doelpunten. Ek de Ljouwerters woene graach mei him fierder, sei technysk manager Foeke Booy earder al.

Mühren harket nei eigen sizzen nei syn gefoel by de kar foar Volendam. "Ik ben enorm blij dat ik de komende drie jaar in het shirt van FC Volendam mag spelen. De club spreekt veel vertrouwen uit en ziet voor mij ook na mijn actieve carrière een mooie rol binnen de club. Ik kijk enorm uit naar de samenwerking met Wim Jonk en ga er alles aan doen om de komende drie jaren iets moois neer te zetten met FC Volendam."

(Advertinsje)
(Advertinsje)