SKS set yn op twa wiken skûtsjesilen

28 maaie 2021 - 23:45

De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen, de SKS, set foar dizze simmer yn op twa wiken skûtsjesilen. Dat hat de organisaasje freedtejûn bekend makke nei de parsekonferinsje fan demisjonêr premier Mark Rutte en minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge.

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

"Dit is foar ús tige goed nijs fansels", seit SKS-foarsitter René Nagelhout. "It hiele trajekt mei de oanfraach fan fergunningen is hieltyd trochgien, dus wat dat oanbelanget ha wy gjin fertraging oprûn by ús tariedingen. Wy kinne ús kampioenskip sile sa as wy dat wolle."

Dat betsjut dat de SKS dit jier sile kin op de ferskate lokaasjes, yn stee fan tolve wedstriden op de Sleattemer Mar. Wol is de fraach, wat it foar it publyk betsjut. Nagelhout: "Der wurdt praat oer tagong mei in tagongstest nei 30 juny, der wurdt praat oer gjin ôfstân hâlde mei in negative test by eveneminten. Dat is noch net folslein dúdlik, mar dêr hoopje wy de kommende wiken mear oer te witten."

Alternatyf senario

Troch de coronakrisis koe it kampioenskip ferline jier net syld wurde. Foar dit jier wie earder in alternatyf senario betocht. In wike lang, twa wedstriden op in dei, sile op de Sleattemer Mar. It liket der no op dat dat de skûtsjefloat besparre bliuwt.

"Wy hâlde dit B-senario wol yn ús achterholle, mar ik gean derfan út dat it wurk foar neat west hat. Gelokkich mar", seit Nagelhout. Neffens de aginda begjint de SKS op 24 july mei in wedstriid op it wetter by Grou. Op 6 augustus is dan de finale op de Snitser Mar.

René Nagelhout

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)